Oer Tys & Teske
De ferhalen fan Tys en Teske steane ticht by it deistich libben fan jonge bern. Bern werkenne harsels yn de aventoeren en reagearje op wat se sjogge en hearre.

It programma
Tys & Teske is in Frysk foarlês- en taalstimulearrings-programma foar jonge bern en harren opfieders yn de provinsje Fryslân. De materialen en aktiviteiten dy’t makke wurde yn it ramt fan Tys & Teske hawwe as doel om in ryk Frysk lêsklimaat te befoarderjen en (profesjonele) opfieders te ynformearjen oer it brûken fan taal yn de omgong mei jonge bern. Foarlêze, ferskes sjonge, (taal)spultsjes en omtinken foar deistige saken binne belangryk foar it lizzen fan in goede taalbasis. Dat jildt foar alle talen, dus ek foar it Frysk.
It programma bestiet sûnt 2026 en wurdt koördinearre troch Afûk en stipe troch Fers, Stichting Frysktalige Berne-opfang (SFBO), Omrop Fryslân en Cedin. It programma wurdt finansierre troch de provinsje Fryslân, hast alle gemeenten yn Fryslân en troch eigen bydragen fan de útfierende organisaasjes. It programma makket diel út fan Taalplan Frysk.

Aktiviteiten en materialen
Aktiviteiten
Yn it ramt fan Tys & Teske wurde der ferskate aktiviteiten organisearre dy’t as doel hawwe om in rike meartalige omjouwing te kreëarjen en (profesjonele) opfieders te ynformearjen oer it brûken fan taal yn de omgong mei jonge bern.


Materialen
Der is in breed oanbod oan materialen fan Tys & Teske beskikber yn ferskate tema’s, foar sawol thús as foar de berne-opfang.