Aktiviteiten

Hjirûnder kinst de aktiviteiten fine dy’t organisearre wurde yn it ramt fan Tys & Teske. Alle aktiviteiten hawwe as doel te soargjen foar in rike meartalige omjouwing, om sa de taalûntwikkeling en lêswille fan bern te stimulearjen.

Lês-mar-foar-wiken

Berne-opfanglokaasjes en gastâlden kinne fergees foarlêsboekjes bestelle om oan de pjutten foar te lêzen en mei nei hûs te jaan. Ek yn de biblioteek wurde de boekjes útdield. Dogge jimme ek mei?

Helje fan 1 septimber ôf in boekje yn de biblioteek!

Nationale voorleesdagen

Fan 22 jannewaris o/m 1 febrewaris 2027 binne it wer De Nationale Voorleesdagen! Yn dy perioade is der lanlik ekstra omtinken foar it foarlêzen oan bern fan 0 oant en mei 6 jier. Yn Fryslân lêze wy dan fansels ekstra foar yn it Frysk! Foar de berne-opfanglokaasjes ferskynt in spesjale lesbrief mei suggestjes by it printeboek fan it jier.

Yn de biblioteken leit yn dizze perioade foar alle pjutten in fergees foarlêsboekje fan Tys & Teske klear.

De twatalige ûntwikkeling

Asto wolst dat dyn bern yn it Frysk opgroeit, dan is it hiel wichtich dat it brûken fan it Frysk fan de berte ôf aktyf stimulearre wurdt. Dat jildt foar bern fan wa’t beide âlders thús Frysk prate, mar ek foar bern fan wa’t ien âlder Frysk praat.